‘It is mei sizzen net te dwaan’ – oftewol ‘Niet praten maar doen!’
Yn de provinsje Fryslân kinne kuierders of fytsers sa’n 100 Rustpunten besykje. De kâns is grut dat men dêr mei yngong fan hjoed Fryske siswizen tsjinkomt yn de foarm fan in buordsje mei útlis oer de betsjutting.
Om de Fryske taal breder sichtber te meitsjen hawwe de Toerisme Alliantie Friesland, Afûk, Merk Fryslân, Recreatieschap Marrekrite, Stichting Rustpunt en de Provincie Fryslân de hannen gearslein om dat mooglik te meitsjen. Under it motto ‘it is mei sizzen net te dwaan’ is dit projekt ‘Fryske Sprekwurden’ yn fjouwer moanne troch de oanbelangjende partijen realisearre.
Fokke Jagersma fan de Afûk: ‘De Fryske taal jout ús in gefoel fan thús, foar oaren is it krekt it gefoel fan in soarte fan bûtenlân yn Nederlân. Dêrom sizze wy ek wol gauris: “Us deistich libben is in oar syn aventoer”. Ut eardere ûndersiken (û.o. ‘Krenten uit de pap’, E&E-advies, 2020) docht ek bliken dat de Fryske taal wichtich is foar de belibbing fan Fryslân.
Yn de Sluisfabriek fan Drachten hawwe op tiisdei 2 july 75 Rustpunt-eigeners in buordsje oerhandige krigen. Deputearre Friso Douwstra oerlange it earste eksimplaar oan Fred Heemskerk fan Stichting Rustpunt. ‘Men jout gjin kij mei hoarnen wei (“het kostbaarste houdt men zelf”), mar it ferskaat oan unike Fryske siswizen diele we graach en jouwe we ek graach in plak yn ús iepenbiere romte. It is moai dat we dat mei dit projekt no ek op in aardige en ferrassende wize ûnder de oandacht bringe kinne fan ús besikers en ynwenners ûnder it kuierjen en fytsen. Dat foeget wat ta oan de belibbing fan ús provinsje’, sa sei deputearre Douwstra.