It sûkeladedakje fan de Afûk: lekker op élke letter!
Bisto op syk nei in unyk en typysk Frysk kadootsje foar Sinteklaas? Dan is it sûkeladedakje krekt wat: dat typyske lêsteken dat it Frysk sa ….. ja, sa Frysk makket. It sûkeladedakje past op alle sûkeladeletters, mar is ek lekker sûnder letter 😉
It dakje is ambachtlik foar ús makke troch Banketbakkerij Salverda út Ljouwert en bestiet út plm. 80 gram reammesûkelade.
Keapest dyn sûkeladedakje foar € 3,95 yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Sjoch ek yn ús websjop. Op = op!