Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen

Jeroen Gebben en Anje Wester-Koopmans beneamd yn bestjoer Afûk

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
19 maart 2019
PARSEBERJOCHT - Mei yngong fan 1 maart hat de Afûk twa nije bestjoersleden beneamd. Jeroen Gebben, yn it deistich libben boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel, is beneamd ta foarsitter. Anje Wester-Koopmans, ûndernimmer yn Eastermar, beset de funksje fan skriuwster yn it bestjoer. Beide binne se ynearsten beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. It bestjoer is mei dy beneaming wer foltallich. De oare bestjoersleden binne Nathan Hornstra (ponghâlder), Annigje Toering en Tjalling van der Goot.

De hear Gebben set syn bestjoerlike ûnderfining en netwurk graach yn foar de Afûk. Oer syn nije njonkenfunksje seit er: ‘Ik leverje mei myn bestjoerlike kennis graach in bydrage oan it aktueel en by de tiid hâlden fan de Fryske taal en kultuer.’

Frou Wester-Koopmans kombinearret har kommersjele ûnderfining mei in grut hert foar de Fryske taal en kultuer en wol graach in bydrage leverje oan de posysje fan it Frysk. ‘Fan hûs út bin ik grutbrocht mei it ferhaal dat taal mear is as kommunikaasje, it is ek kultuer en skjintme. De taal fan ús mem ferbynt my ek mei de generaasjes foar ús. Ik hoopje deroan meihelpe te kinnen dat it Frysk as moaie klankrike taal trochjûn wurdt oan de generaasjes nei ús.’

De Afûk hâldt him dwaande mei de promoasje en oerdracht fan de Fryske taal en kultuer yn de breedste sin fan it wurd en rjochtet him dêrby op de folsleine Fryske mienskip. De Afûk hat ûnder oaren in Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert en bringt it Frysk nei de minsken ta mei tal fan projekten en produkten, sa as bygelyks Praat mar Frysk, Tomke, Frysk yn de soarch, de Moanne, heit&mem, Frysk&gemeenten, kursussen en it ûntwikkeljen fan metoaden foar it ûnderwiis.