Jou dy no op foar de online workshop ‘Psychology fan dyn taal’

Frije tiid Oer it Frysk
20 jannewaris 2021
Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer de psychology achter taal, oer dyn taalgedrach en dyn taalgewoantes? Dan is de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ wat foar dy. Yn febrewaris organisearje wy dizze workshop 4 kear online. Hielendal fergees.

Mei de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en -gewoantes en krijst hanfetten om dêrmei oan ‘e slach te gean. Fansels is der dêrby romte foar dyn spesifike sitewaasje en dyn ferhaal.

Der binne 4 online workshops pland, allegear jûns fan 19.30-22.00:
0 Moandei 8 febrewaris (fol)
0 Tiisdei 16 febrewaris
0 Woansdei 24 febrewaris
0 Tongersdei 25 febrewaris

Opjaan
Stjoer in mailtsje nei praatmarfrysk@gmail.com mei dyn namme en telefoannûmer en jou dêr by oan hokker jûn dy it bêste útkomt. Do hearst dan sa gau as mooglik fierder fan ús.

Mear ynformaasje fynst op: www.praatmarfrysk.nl/taalpsychology.