Jou dyn taal de romte en tink mei oer it Frysk yn 2051!

Frije tiid Oer it Frysk
29 septimber 2025
Hoe sjochsto de takomst fan it Frysk? Hasto ideeën? Of soargen? Dreamen faaks? Diel se dan fia it provinsjale platfoarm ‘Stim fan Fryslân’ of Instagram Stim fan Fryslân. It Steatekomitee Frysk wurket nammentlik yn ‘e mande mei alle Friezen – binnen en bûten Fryslân – oan in ynspirearjend útstel foar de Fryske taal en kultuer yn 2051.

Oer Stim fan Fryslân: wêrom dit platfoarm? 
It platfoarm ‘Stim fan Fryslân’ jout ynwenners fan Fryslân in stim binnen ús demokrasy. Mei dit platfoarm behellet de provinsje Fryslân har ynwenners aktyf by it meitsjen fan plannen en belied. Elkenien kin fia it platfoarm ienfâldich meiprate of útstellen yntsjinje. Provinsje Fryslân nûget mei dit platfoarm ynwenners, oare Fryske oerheden en bedriuwen út om kennis en ideeën út te wikseljen en mei-inoar ta karren te kommen. Sa kinne wy mei-inoar ús provinsje noch moaier meitsje. It platfoarm kaam yn 2022 ta stân yn gearwurking mei Democratie in Actie (VNG / BZK).

Doch mei en lit dyn stim hearre
Meidwaan kin oant yn maart 2026 – sa faak ast wolst! Dyn input wurdt iepenbier dield en ferwurke yn in konseptinisjatyfútstel dêr’tst wer op reagearje kinst yn it neijier fan 2026. Mei-inoar meitsje wy fan Fryslân in écht twatalige provinsje. Doch mei en lit dyn stim hearre! Mear witte of direkt meidwaan? Sjoch op: Jou dyn taal de romte.