Jubileumboek ‘Tryater spilet’ feestlik presintearre en no te keap

Frije tiid Minority languages
10 septimber 2025
Freed 5 septimber presintearre Tryater yn de Ljouwerter seal BOEL syn boek Tryater spilet, troch Afûk útjûn fanwegen it sechstichjierrich bestean fan it Fryske teaterselskip. It eardere Zalen Schaaf, dêr’t Tryater desennialang wurke oan foarstellingen, wie ôfladen mei publyk dat nau mei it selskip ferbûn is of bydroech oan it 200 siden tsjokke jubileumboek.

Earste eksimplaren foar boargemaster, jong talint en topfrijwilliger
Tryater spilet wie direkt nei de libbene en ferskate presintaasje online te krijen fia Afûk, Tryater sels en de bekende kanalen; fan sneon 6 septimber ôf leit it yn de (Fryske) boekhannel. De earste trije eksimplaren wiene foar Sybrand Buma, boargemaster fan Tryaters thússtêd Ljouwert, Anne-Fleur Jonker, dy’t as lid fan Jong Tryater de folgjende generaasje fertsjintwurdiget, en Ronnie Titalepta, ien fan de hast fyftich frijwilligers dy’t har al jierren oan Tryater bine en ûnmisber binne foar de organisaasje.

Talkshow
Foardat it ta dizze oerlanging troch direkteur Alex de Jager fan Afûk kaam, fûn der in talkshow plak yn de húskeamersetting fan it BOEL-poadium. Oan tafel sieten Geart de Vries, ferantwurdlik foar in haadstik dat oan de hân fan wiidweidige ynterviews mei artistyk lieders troch seis desennia fan ûntwikkeling giet, hjoeddeisk artistyk lieder Tatiana Pratley, aktrise Eva Meijering, Berry Westra dy’t as soan fan bekend akteur Rense Westra ien fan de hûndert minsken is dy’t in oantinken dielden yn it boek. Ekstra spesjale gast wie Riek Landman, ien fan de oprjochters fan Tryater. Sy fertelde besiele oer nut en needsaak fan de oprjochting en hoe’t sy no tsjin Tryater oansjocht.

Wessel de Vries en Ekko de Bakker, redaksjeleden fan it boek, fertelden oer de reade line yn it boek en it spitten yn argiven fol foto’s, posters en feiten, dêr’t it boek ryklik fan foarsjoen is foar in sa kompleet mooglik oersjoch. In soms pittige sprutsen kollum wie foar kritikus Pieter de Groot, dy’t Tryater foar de Ljouwerter Krante al sûnt de santiger jierren folget.

Jubileumseizoen
It jubileumboek is it earste konkrete wapenfeit fan it sechstichjierrich bestean, dat Tryater it hiele teäterseizoen lang fiert. Op 13 septimber giet de aventoerlike jubileumrûte Twa minuten foar oanfang yn premjêre en spilet fia it Tryater-gebou dêrnei yn alle Fryske skouboargen. Oant de simmer stiet it hiele programma fan Tryater yn it ramt fan it jubileum, dat it selskip foaral markearret as skarnierpunt foar nóch ris sechstich jier fernijend, meartalich teäter bringe.

Mear witte oer Tryater en de programmearring? Sjoch op tryater.frl. Fuortendaliks it boek bestelle kin fia ús websjop.