Keatsende Sipke’s socht!

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
23 juny 2021
Kinsto of bisto in Sipke dy’t keatst? Dan sykje wy dy! Op 2 july komt it 4e Gouden Boekje ‘Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild’ út. Topkeatser Tsjisse Steenstra sil teagearre mei skriuwster Lida Dykstra it 4e Gouden Boekje útrikke oan trije jeugdkeatsers mei de namme Sipke by de finales fan de earste offisjele KNKB keatswedstriid yn de haadklasse by keatsferiening De Pompeblêdden op it Hearrenfean.

Dus bisto in keatsende Sipke, of kinsto in Sipke dy’t keatst? Lit it ús witte! Stjoer dyn of syn kontaktegegevens nei ida.heddema@afuk.frl en wy nimme sa gau as mooglik kontakt op!