Keimpe de Krokodil hat in nij adres
Oeral yn ’e skoalle wiene plaatsjes fan Keimpe ferstoppe, mei op de efterkant letters dy’t mei-inoar in sin foarmen: “Keimpe hat in nij adres!” Doe’t de oplossing fûn wie, waard de nije webside presintearre oan de bern en de learkrêften.
Dêrnei waard de webside mei-inoar besjoen en diene de bern ek in digitale sykplaat oer de hjerst. As grutte ôfsluter stienen Sytse de Witte en Melissa Pander op it poadium mei de Lêsrap fan Keimpe, dêr’t alle bern fansels mei meisongen.
Keimpe is yntusken in bekend figuer by bern yn Fryslân. Hy is gek op lêzen en ferhalen – benammen Fryske ferhalen – en wol sjen litte dat Frysk lêzen leuk en hielendal net dreech is.
De webside is ûntwikkele troch de Afûk yn gearwurking mei Buro KLEI út Ljouwert. it hat in fris nij uterlik krigen en biedt noch mear materiaal foar sawol learkrêften as âlders en bern om op skoalle of thús mei oan ’e slach te gean. Der binne ûnder oaren boekresinsjes, kleurplaten, Keimpe-lêsboekjes en digitale sykplaten te finen. Ek is der Keimpe-guod te bestellen, lykas it Wêr is Keimpe Sykboek, de hânpop en it memory-spultsje.
Sjoch gau op de nije webside en lit dy ynspirearje om (noch mear) Frysk (foar) te lêzen. Want lêze dochst fansels oeral. Besjoch ‘m gau op Keimpe.frl.