Keimpe & Tomke – Wolkom op ús skoalle!

Leare & ûnderwiis
20 jannewaris 2022
De oergong fan pjutteboartersplak nei basisskoalle is in grutte en spannende stap foar fjouwerjierrigen. Dêrom ûntwikkele it team ûnderwiis fan de Afûk in saneamd ‘oergongsboekje’: Keimpe & Tomke – Wolkom by ús op skoalle! It kin troch basisskoallen as kadootsje meijûn wurde oan bern dy’t foar it earst op skoalle komme. It boekje is in produkt fan Taalplan Frysk en hat as doel te soargjen foar in ferbining tusken it it Frysk yn de foarskoalske perioade (Tomke) en it Frysk yn it primêr ûnderwiis (Keimpe de Krokodil). It boekje sil foar it skoaljier 2022-2023 foar alle basisskoallen yn Fryslân beskikber wêze.

Yn it boekje is in moai ferhaaltsje te lêzen oer Tomke dy’t in dei ‘wenne’ mei op skoalle en dêr wolkom hjitten wurdt troch de bern dy’t ek in rol spylje yn de ferhaaltsjes fan Keimpe de Krokodil. Neist in ferhaaltsje binne der spultsjes en in sjochplaat yn it boekje opnommen en wurdt ynformaasje jûn oer de meartalige ûntwikkeling fan bern. Ek kinne âlders op de ‘útskuorkaart’ wat opskriuwe oer harren bern foar de nije juf/master. Foar yn it boekje is romte foar in koart wolkomstwurdsje of foto fan de skoalle.

Beskikber yn it nije skoaljier
Oant de simmerfakânsje sil mei in beheind tal skoallen en in earste, lytse oplage fan 200 stiks ûnderfining opdien wurde. Foar it nije skoaljier (2022-2023) sil in twadde printinge ferskine, dêr’t de feedback fan de dielnimmende skoallen yn ferwurke is. It boekje is dan foar alle skoallen te bestellen yn de websjop fan de Afûk.