Kening & Kening: win in auteursbesite foar dyn klasse
Kening & Kening is it debút fan dit skriuwers- en yllustratoareduo. It ferhaal betochten se tegearre en alle tekeningen ha se ek tegearre makke. It printeboek, dat foar it earst yn it Nederlânsk ferskynde yn 2000, is yntusken yn 12 talen ferskynd en wrâldwiid bewurke foar teater.
Kening & Kening is in fleurich en grappich mearke oer in prins dy’t fan syn mem trouwe moat. Hy wurdt allinne net fereale op in prinsesse, mar op in prins! Lês hjir mear oer it boek.
Wolsto in workshop winne foar dyn klasse?
Meitsje dan in moaie kaart of tekening foar de keningen út it printeboek om harren te lokwinskjen mei harren houlik.
Leverje dyn kaart tusken 21 septimber en 12 oktober 2021 yn by de Afûk-winkel of by de Toverlantaarn yn Ljouwert.
Ferjit net om dyn namme, klasse en skoalle derby te setten mei de kontaktgegevens.
Under de moaiste ynkommen felisitaasjes ferlotsje de auteurs de te winnen skoalbesite. Sy meitsje de winnaar bekend yn de berneboekewike op Rôze Sneon 16 oktober.
Ynleveradressen
Afûk, Bûterhoeke 3, 8911 DH Ljouwert
De Toverlantaarn, Oer de Kelders 2, Ljouwert
Mear ynformaasje, lessuggestjes en nijs oer Kening & Kening is te finen op www.koningenkoning.nl en Instagram of download hjir de flyer mei alle ynformaasje.