Foto: Wills Vendrig

Keninklike besite oan de Afûk

Oer it Frysk Op it wurk
16 oktober 2024
Op woansdei 16 oktober, brocht de Syn Majesteit de Kening in besite oan Ljouwert om te praten oer de Fryske taal en kultuer. It wie in ynformele wurkbesite oan de trije Ljouwerter Fryske bedriuwen: de Fryske Akademy, Tresoar en de Afûk. It doel fan de besite fan Kening Willem-Alexander wie om wat djipper en breder te praten oer de nije BFTK en de Fryske taal en kultuer. Neffens Kommissaris fan de Kening Arno Brok ha wy op dit stuit "De meast súksesfolle BFTK ea", wat makket dat it ek foar de kening wichtich is om hjir mear oer te witten, sadat de ynformaasje ek wer meinommen wurde kin by oare wurkbesites en gearkomsten.

De keninklike besite sette útein by de Fryske Akademy, dêr’t praat is oer wittenskiplik ûndersyk nei it Frysk, de status fan it Frysk en it online rymwurdboek op Frysker.nl. Dêrnei rûn de delegaasje nei histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, dêr’t de klam lei op de skiednis fan Fryslân en de Fryske taal. De kening die mei oan in ‘bernekolleezje’ út it lesprogramma ‘Triedsjes nei it ferline‘.

By de Afûk
As tredde wie de Afûk oan bar, dêr’t de klam mear lei op it belang fan de Fryske taal yn it deistich libben. Nei ûntfangst troch direkteur-bestjoerder Alex de Jager, sette de besite by de Afûk útein mei in rûnlieding troch de winkel, wêrby’t Alex in taljochting joech op de kolleksje boeken yn en oer it Frysk en Fryslân. Dêrby waarden ek in pear Fryske ‘Keninklike’ boeken toand, lykas it berneboek ‘Kening & Kening’ en ‘Redbad’. Doe’t elk oan tafel siet, waard troch Gerda, meiwurker fan de Afûk, it gedicht ‘Skries’ foarlêzen, fan Sjoerd Wymenga, omdat de skries (grutto) fansels de kening fan de greide is. Hoewol’t de fiertaal by de besite Nederlânsk wie, is dochs besocht om op ferskate wizen hearre te litten oan de kening hoe moai ús Fryske taal is, lykas mei dat gedicht.

Tafelpetear
De wurkbesite waard ôfsletten mei in tafelpetear mei seis gasten oer it brûken fan it Frysk yn it deistich libben en it wurk, oan de hân fan persoanlike ûnderfiningen fan elk. Oan tafel sieten Friezen út ferskillende sektoaren, om sjen te litten dat it Frysk oeral in wichtich plak hat:

  • Tialda Hoogeveen: de berneboeke-ambassadeur fan Fryslân
  • Gerda Cuperus: ien fan de taaltrainers fan de workshop Psychology fan dyn taal
  • Sytse Kooistra: rjochter yn de rjochtbank Noard Nederlân
  • Marjan de Ruiter: teamsjef plysje Basisteam Noardeast Fryslân
  • Jessica Marinus: ûnderfiningsdeskundige by de GGZ
  • Lïam Zwaagman: studint út it mbû, dy’t earder staazje rûn hat by it projekt Yung Frysk

It wie in nijsgjirrich petear oer de betsjutting dy’t de Fryske taal foar alle sektoaren hat en oer de eleminten dy’t de Fryske kultuer ûnderskiede. Sa fertelden Sytse, Marjan en Jessica dat it in grut ferskil meitsje kin as minsken Frysk prate kinne by de rjochtbank, de plysje en yn de soarch. Mar ek dat de professionals yn dy sektoaren de Fryske taal bewust ynsette kinne yn harren wurk en dat it fan grut belang is foar harren om yn elts gefal it Frysk ferstean te kinnen.
Ek de workshop Psychology fan dyn taal fûn de kening tige nijsgjirrich. Gerda fertelde oer it ‘switchen’ tusken Frysk en Nederlânsk en keuzes dy’tst meitsje kinst yn dyn taalgedrach. Marjan fan de plysje joech oan dat sy de workshop graach oanbiede wol binnen it Basisteam Noardeast Fryslân. Studint Lïam hie it Frysk yn syn staazje leard en koe útlizze hoe’t it Frysk libbet ûnder de jongerein. Tialda Hogeveen fertelde oer har wurk en it belang fan in ferskaat oan Fryske berneboeken. Nei ôfrin fan de besite krige de kening dan ek as oantinken it berneboek ‘Kening & Kening‘ mei nei hûs, dêr’t er op reagearre mei “Ah, redens!”, ferwizend nei de lytse houtsjes, dy’t op it pakje sieten.

Kening Willem-Alexander fertelde dat er sels it Frysk foar 90% ferstean kin. Wêrop’t Alex de Jager út de grap foarstelde om mei de folgjende besite dan mar Frysk te praten mei de kening. Hy doelde op it 100-jierrich jubileum fan de Afûk yn 2028. Om de wurdskat fan de kening noch wat riker te meitsjen, mocht elke gast oan tafel in Frysk wurd oan de kening meijaan. Under oaren ‘rûgelje’, ‘rjochtfeardigens’, ‘oankrûperswaar’ en ‘keallepoat’ (de koeke dy’t op tafel lei) kamen foarby.

Bûtendoar stie de parse te wachtsjen foar in lêste reaksje op de besite, dêr’t de kening op antwurde: “Ik heb het belang van de Friese taal als taal voor Friesland geleerd. Sinds tien jaar is formeel in de wet vastgelegd dat Fries echt gebruikt mag worden. Vandaag heb ik gezien wat die tien jaar betekend heeft en de trots van de Friezen is heel duidelijk geworden. Ik ben heel blij dat ik dit bezoek vandaag heb kunnen afleggen.”

Wat in bysûndere dei! Alex de Jager: “Wat moai dat de Kening safolle omtinken hat foar ús taal. Wy koene mei de minsken om tafel in goed byld sketse fan hoe’t it Frysk yn alle sektoaren brûkt wurdt en hoe’t it rekket oan it gefoel fan minsken. Wy sjogge werom op in tige slagge besite oan Ljouwert en binne fereare dat de kening by ús delkomme woe.”

Fryske Akademy
Yn oanwêzigens fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearre Eke Folkerts gie de kening yn petear mei direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en fiif leden fan de wittenskiplike stêf. Sy fertelden de kening oer harren ûndersyk op it mêd fan de Frisistyk. IJssennagger-van der Pluijm fûn it hiel bysûnder. “De kening wie goed ynlêzen, hy wie benijd nei wat wy allegear diene en hy hie ek ynteresse foar de posysje fan it Frysk yn fergelyking mei oare minderheidstalen yn Europa. It wie dan ek in hiel noflik petear.”
Lês hjir mear oer de besite oan de Fryske Akademy.

Tresoar
By Tresoar beseach de Kening in tal orizjinele hânskriften út de UNESCO Richthofenkolleksje. Arjen Dijkstra droech in iuwenâlde poëtyske wetstekst foar oer de rjochten fan it heiteleaze bern yn de iiskâlde winter. Ek gie de Kening yn petear mei de winneres fan de Gysbert Japicxpriis 2023: Jetske Bilker. Dêrnei fertelde Annemieke Nienhuis de Kening mear oer de plannen fan in nije, permaninte literatuereksposysje by Tresoar. Hichtepunt fan de dei wie it bernekolleezje ‘Triedsjes nei it ferline’ mei learlingen fan de Prins Mauritsskoalle yn Ljouwert.
Lês hjir mear oer de besite oan Tresoar.