Kinderboekenweekgeschenk Pieter Koolwijk dit jier ek yn it Frysk

Boeken fan Fryslan Frije tiid
25 septimber 2024
Pieter Koolwijk (bekend fan û.o. ‘Gozert’) hat dit jier it Kinderboekenweekgeschenk ‘Schatpakkers’ skreaun. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting makke ûnder de titel: ‘Skatpakkers’, oerset troch Rymke Zijlstra.

Skatpakkers is echt in aventoer fan dizze tiid. Mei tema’s as pesten, foar inoar opkomme, minder game en mear bûtenboartsje.

Pieter Koolwijk. Foto: Els Zweerink

It ferhaal: Nevin wurdt troch har heit nei bûten stjoerd. Unterjochte, fynt se sels. Dus nimt sy de autokaai mei, sadat heit net nei de fuotbalwedstriid kin. Mar dan lit se de kaai yn de put falle… Ynienen klinkt der in frjemd, heech stimke. ‘Ooo… Skat!’ In donkerblau hantsje komt tefoarskyn, grypt de kaai tusken de blêden wei en ferdwynt wer. Dan hat Nevin in probleem. Gelokkich binne der twa bern dy’t har helpe wolle. Bern dy’t op skoalle altyd pest wurde, ek troch Nevin…

De 70ste edysje fan de Kinderboekenweek fynt plak fan 2 o/m 13 oktober 2024. It tema fan dizze Berneboekewike is ‘Lekker eigenwiis’ en it geskink fan Koolwijk slút dêr prachtich op oan. It Kinderboekenweekgeschenk, yn it Nederlânsk of it Frysk, is yn de Kinderboekenweek fergees te krijen by jo boekhannel en de Afûk-winkel en -websjop, by oankeap fan op syn minst € 13,50 oan berneboeken.

De ‘Kinderboekenweek’ is in kampanje fan de CPNB. De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. It is de twadde kear dat der in Fryske edysje ferskynt fan it Berneboekewikegeskink. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de webside: www.boekenfanfryslân.frl.