Fryske Staveringshifker
Op syk nei in staveringshifker foar it Frysk? Sjoch hjir foar útlis en downloads.
De Oersetter-app
Mei de Oersetter-app kinst losse wurden of langere stikken tekst oersette, stavering tsjekke én Fryske synonimen sykje! Hiel handich foar bygelyks in sollisitaasjebrief, in berjochtsje op Instagram of Facebook, in mailtsje, in kaartsje, in reklameboerd yn 'e tún, in Fryske advertinsje, of gewoan in appke oan dyn freonen of famylje! De Oersetter-app is hielendal fergees en te downloaden yn de Apple appstore en Google Play store. Sjoch ek oersetter-app.nl.
Google Translate-app
It Frysk is ek ûnderdiel fan Google Translate. Fia de app kinne jo maklik Fryske wurden nei in hiel soad oare talen oersette en oarsom. Lykas by de oaren talen yn Google Translate is it net in wetterticht systeem. It helpt jo om teksten en wurden te begripen of te ynterpretearjen, mar it jout net altyd in flaterfrije oersetting. Fergees te krijen by Google Play en iTunes.
Gboard
Flaters type yn it Frysk op de mobyl hoecht fan no ôf net mear. Google hat autokorreksje foar it Frysk tafoege oan har toetseboerd foar Android-telefoans. De app mei de namme Gboard is fergees te downloaden fia Google Play.
Swiftkey
SwiftKey is al jierren in tige populêre toetseboerdferfanger. Kinst Swiftkey ek brûke yn bygelyks Whatsapp. Swiftkey jout al in foarsizzing fan de wurden en leart ek fan dyn taalgebrûk. Fergees te krijen fia Google Play en iTunes.
Praat mar Frysk-app
Mei de wurdboekfunksje yn de Praat mar Frysk-app hast oeral en altyd in Frysk wurdboek by dy mei audio, Fryske GIFkes en de Blinder of Blunder-taalkwis. Hielendal fergees! Sykje nei ‘Praat mar Frysk’ yn de Apple App Store of de Google Play Store, update of download de Praat mar Frysk-app en do bist der hielendal klear foar!
Mozilla add-ons
It Frysk Wurdboek bestiet ek as Mozilla add-on. Dy is der foar Firefox en foar Thunderbird.
Nije Fryske Taallear-app yn ûntwikkeling!
De Afûk is op it stuit drok dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije Fryske Taallear-app, yn gearwurking mei Humain’r – ûntwikkeler fan tûke A.I.-oplossingen foar de Fryske taal. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it Frysk. De Taallear-app is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk leare wolle foar yn sosjale situaasjes of bygelyks foar it wurk. Mar ek foar begjinnende Fryskpraters dy’t harren feardichheden ferbetterje wolle, is de app hiel geskikt. De Fryske Taallear-app is no noch folop yn ûntwikkeling en sil nei alle gedachten begjin 2026 lansearre wurde.