Kofjemoarn mei Durk van der Ploeg op 22 maart

Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 maart 2025
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate.

Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1952 en skreau tal fan romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Ek wûn er yn totaal 21 kear in Rely Jorritsmapriis.

Programma sneon 22 maart
10:30 oere – ynrin en kofje mei wat lekkers
11:00 oere – fraachpetear mei Durk
12:00 oere – sinjearje en boekferkeap
12:30 oere – ein programma
Frije ynrin, oanmelde is net nedich.

Spesjaal foar de Boekenweek is de Afûk winkel dizze sneon de hiele dei iepen, fan 10:30 oant 17:00 oere!