Fan 26 septimber ôf beskikber: de oersetter-app

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
23 septimber 2021
Hast foar it skriuwen fan in Frysk berjocht(sje) of tekst (wat) help nedich? Wolst in Nederlânsktalige tekst oersette yn it Frysk of oarsom? Dan wurdt de nije oersetter-app dyn grutte freon! Fan 26 septimber 2021 ôf te krijen dyn app-store!

De Oersetter-app is in handich wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk en kin ek langere teksten oersette. De app is makke yn gearwurking mei de Fryske Akademy, Buro KLEI en de Afûk. De Oersetter-app is mei mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân.

Frysker.nl: taalhelp-platfoarm foar it Frysk
Wolst noch mear taalhelp, gean dan nei Frysker.nl. Frysker.nl is it taalhelp-platfoarm foar it Frysk en biedt profesjonele taalhelp foar it Frysk, lykas betsjuttingen, synonimen, farianten, sprekwurden en noch folle mear.