Foto: Istock

Koroanamaatregels en de Afûk

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
14 jannewaris 2022
De lanlike maatregels om it koroanafirus hinne hawwe ek konsekwinsjes foar it wurk fan de Afûk. Lês hjir wat dat mooglik foar jo betsjut.

Afûk Fryske boek- en kadowinkel en websjop
Nei oanlieding fan de oankundige fersoepelingen yn de koroana-parsekonferinsje fan 25  jannewaris is ús winkel wer op de gewoane tiden iepen. De aktuele iepeningstiden binne: moandei fan 13.00 oant 17.30 oere, tiisdeis oant en mei freeds fan 9.30 oant 17.30 oere en sneon fan 10.30 oant 17.00 oere.  Yn ús winkel draachst fansels in mûlekapke en hâldst oardel meter ôfstân.

Telefoanyske berikberens
Telefoanysk binne wy berikber op 058-2343070 fan moandeis oant en mei freeds fan 9.00 oant 17.30 oere en op sneons fan 10.30 oant 17.00 oere.

Winkelje yn ús websjop
Us websjop is 24 oeren deis iepen. Bestellings wurde mei de post ferstjoerd of kinne ophelle wurde yn ús winkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert. Dyn foarkar (opstjoere of ophelje) kinst oanjaan by it ôfrekkenjen. Bestellings wurde ferstjoerd fan moandeis oant en mei freeds. Wolst dyn bestelling by ús ophelje, dan litte wy dy witte wannear’t dyn bestelling foar dy klear stiet.

Kantoar
Us meiwurkers wurkje safolle mooglik thús. Slagget it dy net om ús telefoanysk te berikken? Stjoer dan in berjocht nei ynfo@afuk.frl en wy maile of belje dy sa gau as mooglik werom.

Kursussen
Yn maart sette nije groepskursussen útein. Sjoch op www.kursus.afuk.frl foar mear ynformaasje oer it folsleine kursusoanbod (ek selsstúdzje en online kursussen) en om dy oan te melden.

Fragen?
Binne der fragen nei oanlieding fan dit berjocht of mist der ynformaasje? Dan hearre wy dat fansels graach. Kinst yn dat gefal in berjocht stjoere oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by dy op werom.