Foto: Afûk

Koroanamaatregels Afûk

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
4 septimber 2020
Op dit stuit binne noch iderkear de lanlike maatregels fan krêft dy’t ek konsekwinsjes hawwe foar it wurk fan de Afûk. Hjirûnder lêze jo wat dat foar jo betsjut.

Afûk Fryske boek- en kadowinkel
De Afûkwinkel is iepen op de gebrûklike tiden. Fansels mei yn achtnimming fan de jildende lanlike koroanamaatregels. Dêrby freegje wy ek fan ús klanten rekken te hâlden mei maatregels en advizen dy’t troch it regear útroppen binne.

NB It Fryske mûlekapke fan de foto is fansels te keap yn ús winkel of te bestellen fia ús websjop!

Websjop
Us websjop is 24/7 iepen. Bestellingen fia de websjop wurde ferstjoerd op wurkdagen (moandei o/m freed).

Kantoar
Us meiwurkers wurkje safolle mooglik thús. Telefoanysk binne wy dêrtroch fia ús fêste telefoannûmers net altyd like goed berikber. Jo kinne ús lykwols altyd mei de mail berikke of eventueel fia in mobyl telefoannûmer. In berjocht nei ynfo@afuk.frl kin altyd. Wy maile of belje jo dan sa gau as mooglik werom.

Kursussen
Wy binne bliid dat wy ein septimber wer útein sette kinne mei ús groepskursussen op lokaasje. Wy dogge dat fansels allinne as dat foar jo en foar ús lesjouwers op feilige wize kin en sille dêr de nedige maatregels foar treffe en mei lytsere groepen wurkje. Neist de tradisjonele groepskursussen op lokaasje, is it ek mooglik om in groepskursus online te folgjen. By dy kursusfoarm folgest thús, efter dyn kompjûter, live de lessen fan ien fan ús lesjouwers. Dy foarm is net allinne hielendal ‘koroanaproof’, mar biedt ek mooglikheden foar kursisten om utens. Sjoch op www.kursus.afuk.frl foar mear ynformaasje oer it kursusoanbod en om jo oan te melden.

Fragen?
Hawwe jo fragen nei oanlieding fan dit berjocht of misse jo ynformaasje? Dan hearre wy dat fansels graach. Jo kinne jo berjocht stjoere oan ynfo@afuk.frl. Wy komme der dan sa gau as mooglik by jo op werom.