Om it jier wurdt it Sjongfestival hâlden. By it Sjongfestival sjongt in koar fan learlingen út groep 6, 7 en 8 in eigen tekst op ien fan de troch de organisaasje selektearre tracks. By it skriuwen en oefenjen fan it liet kinne skoallen de help ynskeakelje fan in sjongcoach.

It Sjongfestival wurdt organisearre troch de Afûk, yn gearwurking mei Cedin, Keunstwurk en Omrop Fryslân. Sjoch foar ynformaasje en ynskriuwen op www.sjongfestival.frl.