Alle âlden dy’t oanjefte dogge fan de berte fan harren berntsje by ien fan de Fryske gemeenten krije fan de provinsje Fryslân in ‘Taalkado’ (m.ú.f. gemeente Weststellingwerf en de Waadeilannen) . It Taalkado bestiet út in moaie kartonnen bewardoaze mei ynformaasje oer û.o. meartalich opfieden en taalûntwikkeling, mar ek in tal leuke en praktyske artikels lykas in feestlik flaggelyntsje, in kartonboekje, in sêfte slabbe en in set fleurige ferskekaarten. Lês hjir mear oer it Taalkado of op de website fan de provinsje Fryslân.