Elke skoalle yn it Fryske taalgebiet is ferplichte om it fak Frysk te jaan. Foar guon skoallen giet it om Frysk ferstean, mar op oare skoallen is it doel om ek lêzen, praten en skriuwen te learen. Dat hinget ôf fan de troch de provinsje fêststelde kearndoelen foar it Frysk. Der binne ûngefear 70 trijetalige basisskoallen yn Fryslân, dêr't sawol it Nederlânsk, Frysk as Ingelsk brûkt wurdt as ynstruksjetaal yn in substansjeel diel fan de ûnderwiistiid. De Afûk makket tegearre mei it Cedin in protte lesmateriaal foar it Frysk yn it basisûnderwiis. De lêste jierren is bot ynset op it ûntwikkeljen fan digitale learmaterialen.

Rinze de Kikkert

Rinze de Kikkert giet op aventoer! Yn dizze ynteraktive ferhalen foar tablets en digitale skoalbuorden spilet Rinze de Kikkert de haadrol. Sa giet er op reis nei syn broer Frits dy’t yn ‘e stêd wennet, en leit er sels foar in kikkert wol hiel faak yn ‘e plûmpert! De e-books oer Rinze de Kikkert binne makke foar beukers en sitte fol mei ynteraktive eleminten. De ferhalen kinne foarlêzen wurde, mar ek ôfspile op in tablet of digitaal skoalboerd.

Spoar 8

Spoar 8 is de digitale metoade Frysk foar it primêr ûnderwiis.  Yn de ûnderbou wurket Spoar 8 tematysk, oanslutend op oare metoaden lykas Schatkist en Kleuterplein. Tink oan tema’s lykas de seizoenen, de ferskillende feesten en it lichem. Der binne mear as tûzen ferhaaltsjes, ferskes, opsisferskes, printeboeken, filmkes, wurdlisten en praatplaten te finen. Der wurde allegearre ideeën jûn om mei de bern oan it Frysk te wurkjen, yn de foarm fan taalaktiviteiten. De dosint kin sels syn/har eigen lessen gearstalle troch gaadlik materiaal út de temateek byinoar te setten yn ien tematyske les. Yn de midden- en boppebou bestiet Spoar 8 út searjes fan 4 lessen, mei tema’s lykas Feest, Natoer en Technyk. Dizze metoadefariant begjint mei in klassikale yntroduksje per tema en hat 2 differinsjaasjenivo’s foar de wurklessen. Elts learjier befettet acht tema’s en elts tema bestiet út fjouwer lessen. Sa stiet der foar eltse groep in jierprogramma fan 32 lessen klear.
Per tema binne twa einopdrachten tafoege, wêryn’t op in betsjuttingsfolle wize oan de Fryske taal wurke wurdt: de Tramopdracht en de Treinopdracht. De ûnderdielen stavering, wurdskat en grammatika wurde yn Spoar 8 oanbean fia de game ‘Meunstertún‘.

Spoar 8 is ûnderdiel fan ús Edufrysk-platfoarm en is te brûken op de kompjûter/laptop, digiboerd, tablet of smartphone. Mochten skoallen gjin tagong ha ta digitale middels, dan is it ek mooglik om ûnderdielen fan Spoar 8 te printsjen. Der binne op dit stuit sa’n 145 skoallen en 12.500 learlingen dy’t mei Spoar 8 wurkje.

Ek de kommende jierren sil fierder wurke wurde oan dizze metoade. Sa binne wy ûnder oaren dwaande mei ynteraktive praatplaten foar de ûnderbou, nije tema’s foar de midden- en boppebou, in lêsline foar groep 3/4 en oare foarmen fan evaluaasje.

Meunstertún

De ûnderdielen stavering, wurdskat en grammatika wurde yn Spoar 8 oanbean fia de game Meunstertún. De Meunstertún is in ‘serious game’. Dat betsjut dat de learlingen taaloefeningen dogge yn in spultsjesomjouwing. De learlingen soargje foar de meunsters yn de Meunstertún troch opdrachten út te fieren. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de behearsking fan de Fryske taal. De Meunstertún makket gebrûk fan adaptive learlinen. Dat hâldt yn dat it programma byhâldt hoe’t de learling de opdracht útfiert. In learling dy’t langer wurk hat mei in bepaalde oefening of mear muoite hat, krijt mear oefeningen om oan dy regel te wurkjen. In learling dy’t maklik troch de oefeningen giet, streamt earder troch nei it folgjende ûnderdiel fan de learline.

Skoalkisten

Ien kear yn de 14 dagen bringt de Afûk boekekisten nei basisskoallen mei de nijste berneboeken foar de ûnder-, midden-, en boppebou. Mear

De Fryske kanon: 11en30.nu

De ko, de terp fan Hegebeintum, en Domela en Piter Jelles. Samar trije fan de 11&30 (41) finsters fan de Kanon fan Fryslân. De Fryske kanon is ûntwikkele nei oanlieding fan de Nederlânske kanon. It projekt bout de finsters fan de Nederlânske kanon út mei Fryske aspekten, bringt ferdjipping en biedt spesifike finsters foar de Fryske skiednis. Dat alles troch gebrûk te meitsjen fan in website, social media, in boekerige en in tv-programma.

De kanon fan Fryslân yn 11&30 finsters is bedoeld foar elkenien dy’t ynteressearre is yn de Fryske kultuer en skiednis, en yn it bysûnder foar learlingen en dosinten yn de boppebou fan it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Sjoch ek op de website fan de Fryske kanon: 11en30.nu

Sjongfestival

Om it jier wurdt it Sjongfestival hâlden. By it Sjongfestival sjongt in koar fan learlingen út groep 6, 7 en 8 in eigen tekst op ien fan de troch de organisaasje selektearre tracks. By it skriuwen en oefenjen fan it liet kinne skoallen de help ynskeakelje fan in sjongcoach.

Yn 2018 is it de bedoeling dat de learlingen in meartalich liet skriuwe. Alle memmetalen fan de bern yn it koar, moatte yn de tekst ferwurke wurde. Sa kin de learkrêft op boartlike wize de kearndoelen Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Keunstsinnige Oriïntaasje meielkoar ferbine. It Sjongfestival wurdt organisearre troch de Afûk yn gearwurking mei Cedin, Keunstwurk en Omrop Fryslân. Sjoch foar ynformaasje en ynskriuwen op www.sjongfestival.frl

Foar learkrêften

Lesjaan.frl is de webside foar de learkrêften, dosinten en lesjouwers om op de hichte te bliuwen fan alle ûntwikkelingen dy’t geande binne op it mêd fan it fak Frysk yn it ûnderwiis.

Toetsing en evaluaasje

Om de ûntwikkeling fan bern better folgje te kinnen, is it Evaluaasjesysteem Frysk Grip gearstald. Fanút Grip binne der foar it primêr ûnderwiis ferskillende ynstruminten beskikber:
-metoadebûne toetsen, passend by Spoar 8
-lêsbegrypstoetsen
-Frisiatoets foar it primêr ûnderwiis
-observaasjeynstruminten
Alle evaluaasjeynstruminten binne, krekt as it lesmateriaal, keppele oan it referinsjeramt Frysk (rrF). Op dy wize kinne skoallen byhâlde hokker domeinen en taaldoelen oft behannele wurde.