De ûnderdielen stavering, wurdskat en grammatika wurde yn Spoar 8 oanbean fia de game Meunstertún. De Meunstertún is in 'serious game'. Dat betsjut dat de learlingen taaloefeningen dogge yn in spultsjesomjouwing. De learlingen soargje foar de meunsters yn de Meunstertún troch opdrachten út te fieren. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de behearsking fan de Fryske taal. De Meunstertún makket gebrûk fan adaptive learlinen. Dat hâldt yn dat it programma byhâldt hoe’t de learling de opdracht útfiert. In learling dy’t langer wurk hat mei in bepaalde oefening of mear muoite hat, krijt mear oefeningen om oan dy regel te wurkjen. In learling dy’t maklik troch de oefeningen giet, streamt earder troch nei it folgjende ûnderdiel fan de learline.