Ien kear yn de 14 dagen bringt de Afûk boekekisten nei basisskoallen mei de nijste berneboeken foar de ûnder-, midden-, en boppebou.

De kisten bliuwe fjirtjin dagen stean en wurde dêrnei wer ophelle. Yn dy fjirtjin dagen kinne masters en juffen de boeken besjen en eventueel oanskaffe foar skoalle. Oer dy boeken wurdt letter in rekken stjoerd. De kisten wurde fergees brocht en helle. Ast fan dizze service gebrûk meitsje wolle, dan kinst maile nei Ida Heddema fia i.heddema@afuk.nl of belje 058 – 2343086.