Wolst leare wat taal mei dy docht, en hoe'tst taal ynsette kinst yn kontakt mei oarstaligen, of wolst mear witte oer it ynsetten fan de eigen taal yn soarchsituaasjes? Ynformearje dan nei ús workshops. Wy kinne bygelyks in workshop Frysk skriuwen foar de redaksje fan in doarpskrante organisearje, útlis jaan oer it belang fan taal yn de âldereinsoarch of ûndernimmers en ûndernimmersferienings tips jaan oer it ynsetten fan Gastfrij Frysk. Nim foar mear ynformaasje kontakt mei ús op fia e-mail of belje 058-2343079