Lêste poëzijfideo Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre op Omrop Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
8 novimber 2021
Op snein 7 novimber gie de lêste poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Dizze nijste en lêste poëzijfideo is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.

Besjoch de fideo hjirûnder of fia de webside fan Dichter fan Fryslân, fia Leeuwarden City of Literature, Leeuwarden-Fryslân 2028, it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

Yn it fideoprojekt mei filmmakker Zeilsteen NL binne sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme en útstjoerd fia Omrop Fryslân TV.

In part fan de poëzijfilms sil ek te sjen wêze op it Noordelijk Film Festival tidens ‘Poëcinema’ op sneon 13 novimber yn Neushoorn. Der binne noch kaarten beskikber.

Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingels: David Colmer. Kamera en montaazje: Herman Zeilstra.