Alle moannen kieze wy by de Afûk 10 titels út foar ús BoekeTIP10. Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek in BoekeTIP10 en net in BoekeTOP10. Mar wat fynsto, de lêzer? De heechste tiid foar in LêzersTIP10: in boeketip10 foar en troch de lêzer!

Meidwaan
Meidwaan oan it gearstallen fan ús spesjale LêzersTIP10 desimber-edysje is hiel maklik. Betink hokker titel neffens dy in plakje yn ús LêzersTIP10 fertsjinnet: hokker boek soesto útljochtsje wolle? Hokker boek moatte oaren neffens dy écht lêze?

Folje hjirûnder dyn favorite titel(s) (maksimaal 3) yn en jou in koarte motivaasje wêrom’t dy titel(s) neffens dy yn ús LêzersTIP10 fan desimber 2025  thús hearre. Fiksje, non-fiksje, berneboeken, dichtbondels: alles mei, as it mar yn it Frysk ferskynd is.

Ynstjoere kin oant en mei 10 desimber 2025. Heal desimber publisearje wy dan de spesjale LêzersTIP10 desimber-edysje 2025. Tsjek de webside, folgje ús fia Facebook en/of Instagram en/of bliuw op ’e hichte fia ús moanlikse Afûk nijsbrief.

Kadootsje foar de krystdagen
Troch mei te dwaan makkest kâns op ien fan de trije kadobonnen fan € 25,-. Dy kadobon kinst hielendal frij besteegje yn de Afûkwinkel of websjop. De winners krije fan ús persoanlik berjocht.