© Mirjan van der Meer

Ljouwert City of Literature siket ferhalen oer skientme

Boeken fan Fryslan Frije tiid
6 augustus 2021
Foar it projekt ‘Utsteld lok’ siket Ljouwert UNESCO City of Literature hûndert ferhalen, wêrfan’t in tredde part út Fryslân komt. Oant 17 septimber hawwe skriuwers út Fryslân de kâns harren ferhaal oer skientme yn te stjoeren.

Utsteld lok is yn it foarjier fan 2022 ûnderdiel fan keunstmanifestaasje Arcadia. Der wurde dan – ynspirearre troch it 14e iuwske masterwurk Decamerone – yn hûndert dagen hûndert ferhalen ferteld, skreaun troch (semi)professionele skriuwers út Fryslân, Nederlân en dêrbûten. Ljouwert UNESCO City of Literature freget hûndert skriuwers om harren fyzje op skientme en hoe’t de wrâld der útsjocht wannear’t dy skientme de romte krijt. De skriuwers wurdt frege yn harren proazaferhaal harren fyzje op (takomstige) skientme in plak te jaan. De ferhalen meie heechút 2.500 wurden hawwe en kinne yn alle talen ynstjoerd wurde. Basearre op kwaliteit, orizjinaliteit en ferskaat wurdt in seleksje makke fan likernôch 35 ferhalen út alle ynstjoeringen. De selektearre skriuwers krije in fergoeding fan € 700,- foar harren ferhaal. Ynstjoere kin op leeuwardencityofliterature.nl/fy/nijs/utsteld-lok/.

Mear oer it projekt is te lêzen yn it literêre magazine LETTER, dat freed 9 july útkommen is as bijlage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, en ek op de webside fan Ljouwert UNESCO City of Literature te finen is. Mei Utsteld lok, it magazine, in foardrachtsworkshop mei Tryater en in tal nije projekten is der fan septimber ôf in fol programma, dêr’t sawol profesjonals as lêzers telâne kinne.