Ljouwert UNESCO City of Literature bringt 100 dagen Lyts gelok

Frije tiid
17 febrewaris 2025
Kenst dat, lytse mominten fan ferwûndering of lok? Se oerfalle dy op strjitte of yn de natuer, fynst se samar yn foarwerpen, moetingen of geuren. Yn de 100 dagen fan kultureel programma Arcadia (17 maaie oant en mei 24 augustus 2025) ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei Lyts gelok: literêre ljochtpuntsjes dy't oeral yn Fryslân opdûke.

Fan koarte teksten yn it wyld oant de ferskining fan komplete ferhalen. Hûndert skriuwers en dichters út Fryslân, Nederlân en UNESCO Cities of Literature oer de hiele wrâld hawwe op papier setten hokker lyts gelok harren rekket, yn de foarm dy’t by harren past. Der binne ûnder mear bydragen fan Thomas Heerma van Voss, Anne-Goaitske Breteler, Tsead Bruinja, Marjoleine de Vos, Yorick Goldewijk en Elisa Shua Dusapin. Om de teksten sjen te litten, wurkje se gear mei keunstners en ferskate lytse en grutte organisaasjes.

Doch mei!
By de earste edysje fan Arcadia, yn 2022, brocht Ljouwert UNESCO City of Literature Utsteld gelok. Hûndert túneigeners holpen doe mei om der in sukses fan te meitsjen. Foar Lyts gelok sykje se foar in pear úterings noch gearwurking:* in persoan socht dy’t iepenstiet foar in literêre tatoeaazje;
* in muorre of bûtentrep foar it oanbringen fan in tekst;
* meardere minsken wêrfan’t it hûs / pân in dei lang úthingboerd wêze mei.

Meidwaan? Folje foar 1 maart it formulier yn.

Alle dagen in hint
Om de teksten te spotten moatst goed oplette. Wolst hints ûntfange en alle dagen as earste witte hokker tekst wêr te sjen is? Meld dy dan oan foar de spesjale nijsbrief dy’t fan 17 maaie ôf ferstjoerd wurdt. Oanmelde

Lyts gelok
Fan 17 maaie ôf bringt Ljouwert UNESCO City of Literature it projekt Klein geluk | Lyts gelok | Small Delights. Yn de 100 dagen fan Arcadia dûkt der alle dagen op in oar plak en yn in oare foarm in literêre tekst op. Ferrassing en ferwûndering steane dêrby sintraal.
Yn dizze tiden fan grut leed yn’e wrâld, ûndersykje wy mei Lyts gelok graach de nocht en wille dy’t ús dei kleurje.