Screenshot ‘Wekker’

MBU studinten wurkje mei oan nije film “Wekker”: premjêre op it Noordelijk Film Festival

Leare & ûnderwiis
16 oktober 2025
De film "Wekker" is produsearre as ien fan de aktiviteiten fan it nije praktoraat Frysk en Meartaligens, is de earste film yn in rige fan trije én spesjaal ûntwikkele foar it fak boargerskip. De film is in swarte komeedzje oer egoïsme, kommunikaasje en grinzen, en jout studinten oanlieding om nei te tinken oer morele keuzes en maatskiplike ferantwurdlikens. De film giet op 8 novimber yn premjêre op it Noordelijk Film Festival (5-9 novimber 2025) yn Ljouwert.

“It is fansels fantastysk dat ús studinten meiwurke hawwe oan it meitsjen fan de film. Se ûnderfine hoe’tst yn in meartalige omjouwing mei-inoar gearwurkje kinst en datst it Frysk oeral brûke kinst, op de wurkflier, mar ek yn in film.” – Lysbeth Jongbloed, praktor Fryske taal en Meartaligens.

Yn it ramt fan dit projekt bringt de Afûk ek twa koarte ferhalen út, spesjaal foar it mbû. De earste is In frou moat harsels rêde fan Sipke de Schiffart, de ynspiraasjeboarne foar “Wekker”. As sliepende hûnen wekker wurde fan Bart Kingma is it ferfolch op “Wekker”. Op dit stuit wurdt der mei ferskate dosinten wurke oan bypassend lesmateriaal, sadat it projekt fan febrewaris ôf yn te setten is.

Besjoch hjir de trailer: WEKKER – In film fan Omrop Fryslân en/of gean foar mear ynformaasje nei: https://lnkd.in/gBKDfs4M en wybinnembu.nl.