Verhalenavond. Fotograaf: Cato fotografie

Meld dy oan foar de sânde edysje fan Verhalenavond

Frije tiid
7 oktober 2024
Ferhalefertellers kinne har wer oanmelde foar de Verhalenavond. De organisaasje makket him op foar de sânde edysje fan it grutste ferhalen-evenemint yn Nederlân. Op 15 novimber sil hiel Fryslân byinoar komme om te harkjen nei ferhalen yn wenkeamers, musea, kafee’s, teäters, oerheidsgebouwen, bibleteken, ferieningen en bedriuwen.

Tema Verhalenavond 2024
Dit jier stiet Verhalenavond yn it teken fan it tema ’t Fjoer yn my’. De ferhalen kinne gean oer datjinge dêr’tst echt entûsjast fan wurdst. Tink oan ferhalen oer passy, trochsettingsfermogen, freonskip, selsûntdekking, kreativiteit en moaie oantinkens. Mar ek ferhalen oer ferbining en mienskip, en hoe’t ien persoan oaren ynspirearje kin en in keatlingreaksje fan feroaring op gong bringe kin.

Ek do hast in ferhaal!
Eltsenien hat in ferhaal te fertellen. It hoecht gjin literêre fertelling te wêzen; in ienfâldich ferhaal lykas watst oan in oar fertelle soest, is mear as genôch. Fertel oer iets watst meimakke hast, watst witst oer de omjouwing of diel wat bysûnders dat net elkenien wit.

Oanmelde as ferteller
Oanmelde as ferteller kin fia www.verhalenavond.nl! Sykje in gaadlike lokaasje dy’t past by dy of by dyn ferhaal. Dit kin by dy thús wêze, by de buorlju, of op in oare unike lokaasje lykas in bibleteek of museum. Sadree’tst de lokaasje regele hast en dy oanmeld hast, wurdt dyn ferhaal en lokaasje op de kaart setten, sadat it publyk wit wêr’t se terjochte kinne.

Verhalenavond. Fotograaf: Cato fotografie

Verhalenavond is in produksje fan Pier21 en belooft ek dit jier wer in jûn fol bysûndere ferhalen en moetsjen te wurden. Mis dizze kâns net om diel út te meitsjen fan in jûn fol ferbining en ynspiraasje yn Fryslân!