Foto: Istock

Memmetaalsprekkers fan it Frysk socht!

Oer it Frysk
31 jannewaris 2022
De kollega's fan de Fryske Akademy sykje memmetaalsprekkers fan it Frysk dy’t meidwaan wolle oan in koart ynterview yn it Frysk en it Nederlânsk. Dêrby wurdt spraak sammele foar in ûndersyk nei de werkenning fan aksinten.

Der wurde minsken socht dy’t:
– Frysk as earste taal leard hawwe en fan wa’t ien of beide âlders it Frysk brûkt/brûke yn it deistich libben;
– Tusken 18 en 30 jier of tusken 55 en 70 jier binne;
– Foar harren 18de jierdei op syn minst 10 jier wenne hawwe yn ien fan de plakken hjirûnder en dy’t dêr no ek wenje;
– Komme út Akkrum, Aldemardum, Anjum, Arum, Bakkefean, Drylts, Grou, Hallum, Harkema, Holwert, Jobbegea, De Jouwer, De Lemmer, Makkum, Nij Beets, Oosterend /Aast (Skylge), Rinsumageast, Seisbierrum, Tytsjerk, Wâldsein, Warkum, Weidum, De Westereen.

It ynterview wurdt online holden en duorret sawat 15 minuten.

Foldochst oan boppeneamde easken en wolst meidwaan? Of wolst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Nika Stefan, nstefan@fryske-akademy.nl.