Download Microsoft Office yn it Frysk!

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
5 july 2019
Hasto ek altyd fan dy reade kringeltsjes ûnder dyn Fryske tekst by it typen op de kompjûter? No, dat kin oars! Mei de nije Fryske staveringshifker yn Microsoft Office (Office 2013 of heger). De nije staveringshifker wurket net allinne yn Word mar ek yn PowerPoint, Outlook en Excel. Super handich!

 Do kinst hjir de ynstaller downloade om de nije staveringshifker te ynstallearjen. Help nedich? Sjoch op de webside Taalhelp.frl foar de hantlieding.