Mirjam by de presintaasje fan har boek yn de Afûk winkel

Mirjam van Houten oer har boek ‘Anton yn it Museum’ (ynterview)

Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 july 2025
Mirjam van Houten is skriuwer en yllustrator fan Frysktalige berneboeken. Mirjam har lêste boek Anton yn it museum is noch mar krekt út en krijt rûnom loovjende resinsjes. It boek is yn it Frysk én it Nederlânsk útbrocht, wat bydraacht oan de brede berikberens. Ciska Noordmans ynterviewde Mirjam oer dit prachtige printeboek mei dy bysûndere neonkleuren.

De latte leit heech
‘Ik skriuw wat ik leuk fyn en net mei in spesjale doelgroep foar eagen’, set Mirjam útein. ‘As bern it boek mei nocht lêze is myn missy slagge. In protte reaksjes krij ik lykwols fan folwoeksenen. It boek By beppe útfanhûs wie hiel werkenber, seine se faak. Dat is fansels leuk om te hearren, mar ik wol fernije. It duorre even foar‘t ik it as in komplimint seach. Ik tink dat ik mei dit boek ek wat yngong setten ha en beppes harren yn ienen bewust waarden fan har gefoel fan langstme as de bern wer fuortgeane’, fertelt Mirjam. ‘Ik wol altyd wer op ’e nij, fierder ûndersykje en de latte komt hieltyd heger te lizzen wat myn wurk oanbelanget. By Jelle en Juf begjinne de ferhaaltsjes werkenber mar mei in absurdistyske en humoristyske slinger. By it folgjende boek sykje ik wer nei in oare útdaging!’

Ynspiraasje fan ’e strjitte
‘Ik begjin meast mei it ferhaal; it skriuwen giet my yn de regel makliker ôf as it tekenjen. Earst tekenje ik de haadpersoan, dêr ha ik altyd niget oan. It moatte echte karakters wêze mei dúdlike emoasjes, en dêrby let ik ek op de details. Alles moat klopje! Ik sjoch nei klean, it ynterieur of de kapsels. Ik fyn it altyd fassinearjend om te sjen hoe’t minsken bewege en harren klaaie. Gekke trekjes komme soms yn in boek werom. Ik tekenje graach minsken dy’t net standert binne; de sullige underdog, der’t wy allegearre stikem wat begrutsjen mei hawwe.’

“De echte minsken yn myn omjouwing binne myn ynspiraasje”

It proses fan skriuwen en tekenjen
‘As de tekst klear is, sjoch ik mei de redaksje nei it storyboard. Dan ferdiele wy de tekst oer de siden en meitsje ik der in earste skets by. Dêrnei komt it útwurkjen fan de tekeningen. Op it lêst binne dy my sa fertroud dat ik sels ek net mear sjen ken hoe moai oft se eins wurden binne. Ik tekenje alles analooch, mei de hân. Miskien wat âlderwetsk, mar ik ha gjin nocht oan it tekenjen op de kompjûter.
Leaver soe ik minder knuzelje en wat losser wurkje, ik tink dat it wurkjen op kompjûter dat tsjinwurket. Dan wurdt ik faaks te perfeksjonistysk. Ik moat no akseptearje dat guon foutsjes ek harren eigen sjarme hawwe.’

Anton yn it Museum – Anton in het Museum
Mirjam har lêste boek Anton yn it museum is noch mar krekt út en krijt rûnom loovjende resinsjes. It boek is yn it Frysk én it Nederlânsk útbrocht, wat bydraacht oan de brede berikberens. De útjefte is yn 2025 ferskynd, mar in tal fan de yllustraasjes waarden al yn de simmer fan 2024 eksposearre yn Museum Belvédère op It Hearrenfean, as ûnderdiel fan de eksposysje Verhaald – Verbeeld.

Mirjam: ‘Han Steenbruggen, direkteur-konservator fan it museum, frege oft ik ek wurk eksposearje woe. Ik fûn dat in hiele eare, fansels! Tegearre kamen wy derop út dat it nij wurk wêze moast, spesjaal foar de eskposysje makke, mei it museum as tema. As ik yn in museum kom, fyn ik it bysûnder dat ik yn in oare wrâld kom en dat de keunst yn it museum my hielendal meinimt. Krekt as de haadfiguer yn dit boek dat ek hat.’

Hiel bysûnder binne ek de neonkleuren yn it har lêste boek Anton yn it Museum. Mirjam: ‘Dy neonkleurige flakken hiene in protte fuotten yn de ierde. De foarmjouster Monique Vogelzang hat hiel moai wurk levere en it hat goed útpakt. Wat wie it spannend doe’t ik it boek yn ’e hannen krige! Mar it is krekt sa wurden as ik it yn de holle hie.

It meitsjen duorre wat langer as ferwachte. Ik bin hiel presys en hâld fan details, en dat betsjut ek dat ik wolris wat oerdwaan moat. Op it lêst moat ik it út hannen jaan, mar no’t it der is bin ik grutsk op it resultaat!’

Prizen en nominaasjes
Mirjam hat mei har boeken al in protte prizen wûn en guon boeken binne oerset yn meardere talen. Yn 2016 kaam se mei Tije. Neist in nominaasje foar de Ibby Honourlist waard it boek ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis fan 2019. By de Fêreuske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags waard it boek yn 2020 útbrocht ûnder de titel ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’, as resultaat fan in gearwurking mei de Afûk.
Yn 2022 wûn Mirjam de Diet Huberpriis mei By beppe útfanhûs foar it bêste yllustrearre berneboek.
Yn 2022 ferskynde Jelle en juf. Foar dat boek krige se de Simke Kloostermanpriis 2025 takend.

It boek Anton yn it museum – yn it Frysk en it Nederlânsk is te keap by de Afûk yn de winkel en websjop!