Fotografie Erwin Jonkman Fotografie Erwin Jonkman

Moanne fan it Fryske Boek set útein mei Frysk Boekebal

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
25 febrewaris 2019
De hiele moanne maart stiet yn it teken fan it Fryske boek. Willem Schoorstra skreau spesjaal foar dy gelegenheid it kadoboek Rosmos. Dat wurdt de hiele moanne fergees oanbean by in besteging fan € 12,50 oan boeken. Alhiel yn de styl fan it kadoboek set de Moanne fan it Fryske Boek sneon 2 maart útein mei in spetterjend boekebal yn Neushoorn te Ljouwert.

Op it programma stiet de útrikking fan it earste eksimplaar fan Rosmos troch Willem Schoorstra oan deputearre Sietske Poepjes, wêrby’t Schoorstra wat oer syn boek fertelle sil, en oanslutend is der in foardracht fan tattoo-artyst Rinto. De twadde helte fan de jûn kin elk los op de spikerhurde rock-’n-roll fan de Junkyard Dogs. Fansels is der de hiele jûn boekeferkeap en yn it skoft in sinjearsesje mei de skriuwer. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Asing Walthaus.

Oer Rosmos
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal dat giet oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

It kadoboek Rosmos, ferskynd by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal, is skreaun yn opdracht fan Boeken fan Fryslân, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek. It kadoboek is de hiele moanne maart fergees te krijen by in besteging fan € 12,50 oan boeken.