Mylpeal fan 15.000 tiidwurden op tiidwurden.frl

Oer it Frysk
7 oktober 2024
In mylpeal fan 15.000 tiidwurden is berikt! De webside en web-app tiidwurden.frl fiere in kreas rekôr, mei tank oan alle ynstjoeringen fan besikers fan de webside. Der binne no 15.000 Fryske tiidwurden mei oersetting opnommen.

Fan bliereagje oant bepopkje en fan skûltsjeblinkboartsje oant briefkefrije. In ymposant byld fan ús moaie Fryske taal!

Foar dizze gelegenheid is op tiidwurden.frl in spesjale side makke mei statistyk. Dêr kinne tiidwurden grafysk besjoen wurde; û.o. by letter, lingte, lûd en aksintteken. Bygelyks: wat is it langste tiidwurd en hoe faak komt in lûd mei kapke foar?

Nije tiidwurden binne fansels noch altyd wolkom!

De nij webside foar it Frysk tiidwurden.frl. waard yn jannewaris fan dit jier lansearre. It doel fan is om alle Fryske tiidwurden mei de Nederlândske oersetting te sammeljen. Sa kinne de tiidwurden maklik fûn wurde. Ideaal foar it ûnderwiis en elkenien dy’t de taal leare of ferbetterje wol.

De webside is in inisjatyf fan Henk Schaap út Smellingerlân. Hy wurdt holpen troch redaksjeleden Els Zijlstra-Zijlstra en Klaas Hoekstra. Hja hawwe jierren ûnderfining yn it Frysk ûnderwiis en drage de taal in waarm hert ta.