Nasjonaal Boekewikegeskink ‘De krater’ ferskynt ek yn it Frysk

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
10 maart 2025
It Nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting fan ‘De krater’ is makke troch Jetske Bilker. De kommende Boekewike is de 90e edysje. Foar dizze ekstra feestlike - en ekstra lange - wike lansearre de CPNB in wedstriid foar skriuwers. It winnende manuskript fan Gerwin van der Werf waard úteinlik keazen as Boekewikegeskink foar de Nasjonale Boekewike 2025.

Skriuwer Gerwin van der Werf oer it ferskinen fan it Boekwikegeskink yn it Frysk: “Ik ben heel trots! Dit is geweldig leuk voor de hele familie Van der Werf, afkomstig uit Veenwouden en Leeuwarden, en oorspronkelijk uit Sneek!”

De Nasjonale Boekewike wurdt dit jier holden fan 12 o/m 23 maart. By oanskaf fan € 15,- oan boeken by jo boekhannel krije jo yn de Nasjonale Boekewike it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.

Boeketips en Essay
Dêrnjonken hat Boeken fan Fryslân dizze boekenwike wer in spesjale seleksje makke fan boeketips, dy’t te finen is yn ús websjop. Ek it essay ‘Hèhè‘ fan Paulien Cornelisse is dêr te finen.

Cornelisse hat ûnder it tema fan dizze boekenwike: ‘Je moerstaal’ ûndersocht wat de essinsje is fan de Nederlânske taal. Yn har essay nimt se wurden ûnder de loep dy’t wy hieltyd brûke sûnder dat wy ús der bewust fan binne. De tema-útjefte ‘Hèhè’ is fan 12 maart ôf foar € 5,25 te keap yn ‘e boekhannel, en dus ek by de Afûk.

Boeken fan Fryslân
It Fryske Boekenweekgeschenk is mooglik makke troch Boeken fan Fryslân, dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Sjoch op de webside fan Boeken fan Fryslân foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân: www.boekenfanfryslan.frl.