Nasjonale Berneboekewike: feestlike oanbieding Frysk printeboek ‘De kening sûnder hynder’
Oer De kening sûnder hynder’
As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stallen ynstapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer út om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: ‘Hi-hi-hii’. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels al eefkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byelkoar om him te rêden.
‘De kening sûnder hynder’ is in fleurich printeboek op rym oer échte freonskip en heldemoed, geskikt foar bern fan 4 oant 6 jier. Spesjaal foar de Kinderboekenweek te keap foar mar € 7,99! Bestel hjir!
Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.