Nij printeboek fan skriuwer Paul van Dijk yn oantocht, bestelle kin no al
Berneboeke-ambassadeurFrije tiidLeare & ûnderwiis
19 oktober 2020
Begjin novimber ferskynt it nije printeboek Omke Ûle past op fan skriuwer Paul van Dijk by de Afûk. De haadpersoan yn it boek, de ûle, is benaud foar alles. Op in dei moat er op syn neefke passe dy’t wól wat fan de wrâld sjen wol. Mar doart omke Ûle dat wol? In prachtich printeboek datst net misse wolst! Dêrom kinst it no al yn ús websjop bestelle. Sa bisto aanst ien fan de earsten dy't it boek yn 'e hûs hat.
It is alwer in skoftke lyn dat der in autentyk Frysk printeboek ferskynd is. Van Dijk hat in jier oan it ferhaal wurke, it ferhaal is op rym en hy makket de kleurige yllustraasjes sels. In foarpriuwke dêrfan is hjirûnder te sjen.
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Dizze kear is it poadium alhiel foar Boeken fan Fryslân en […]
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan: rampoai. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?