Nij by de Afûk: online groepskursussen mei dosint
Ek by de Afûk is it koroanafirus reden om tradysjes te trochbrekken en te sjen nei nije foarmen en mooglikheden. ‘Doe’t heal maart troch it koroanafirus ek yn Nederlân fiergeande maatregels nommen waarden, moasten wy ûnder oaren ús kursussen stopsette. Kursisten krigen de mooglikheid om de kursus skriftlik, mei begelieding fan de lesjouwer op ôfstân, ôf te meitsjen óf yn it nije kursusjier ien en oar wer op te pakken’, ljochtet Alex de Jager, direkteur fan de Afûk, ta. ‘Troch it firus waarden wy tagelyk ek twongen om nei te tinken oer it kursusoanbod yn dat nije kursusjier. Wat is der ein septimber mooglik oan “live” lessen en watfoar alternativen binne der?’
De Afûk sil ynearsten de kursussen foar ferstean en skriuwen oanbiede as online fariant. Dêrnjonken bliuwt it ek mooglik om yn in groep op lokaasje in kursus te folgjen. Der sil goed sjoen wurde nei de geskiktheid fan de lokaasjes en de kursusgroepen sille faaks minder grut wêze mei it each op it hâlden fan foldwaande ôfstân.
Yn de online kursussen sil wurke wurde mei it programma Jitsi. ‘Jitsi is ienfâldich yn gebrûk en der hoecht gjin programma foar download te wurden’, sa seit Jettina Valk fan de kursusorganisaasje. ‘Kursisten krije foar’t de kursus begjint in link tastjoerd dêr’t sy mei dielnimme kinne. Hiel maklik. In kompjûter, telefoan of tablet mei mikrofoan en kamera is dêrom genôch. Ek online stribje wy dernei dat ús kursussen foar elkenien tagonklik binne.’ By de Afûk bringt it koroanafirus sadwaande ek goede dingen: ‘Foar belangstellenden bûten Fryslân wurdt it mei dizze nije kursusfoarm ek folle makliker om in kursus Frysk te dwaan.’
Foar mear ynformaasje en oanmelden sjochst op www.afuk.kursus.frl.