Foto: Afûk

Nij by útjouwerij Afûk: dichtbondel fan Simon Oosting en ferhalen fan Sjoerd Bottema

Frije tiid
21 augustus 2020
Hjoed binne by útjouwerij Afûk twa nije titels ferskynd. 'DC … en tichterby / DC … en dichterbij' is de twatalige en tredde dichtbondel fan Simon Oosting. De ferhalebondel fan Sjoerd Bottema - okkerdeis noch winner fan in Rely Jorritsmapriis mei ien fan syn ferhalen -  krige de driigjende titel 'De grize oer de grouwe'.

DC … en tichterby / DC … en dichterbij
De nijste, tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC … en tichterby/DC … en dichterbij. DC is Washington DC dêr’t de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr’t de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat.

De bondel hat fiif skiften dy’t allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee, it troch Homerus skreaune klassike gedicht oer de reis fan Odysseus fan it eilân fan de nimf Calypso nei syn thúslân Ithaka. De reis fan Odysseus is in metafoar foar it libben fan de dichter. Somtiden leech en ûnbesiele lykas it libben fan de ûngelokkige Odysseus op it moaie eilân fan de kwiere nimf Calypso, as er de stipe fan de muze oanropt, lykas Homerus die yn de earste rigel fan de Odyssee: O muze, fertel my… Of as er freget om de foarspraak fan de goadin Pallas Athene by de haadgod Zeus dat er de besieling werom fine mei. Of yn syn elemint, as er reizget as Grykse held, as er ferhellet fan syn aventoeren en as er ten’lêsten thúskomt. Sa reizget de dichter troch de fiif skiften fan de bondel: fan it skift “Want net te finen is wat oeral wêze kin” dêr’t er de besieling yn werom fynt, nei “DC” dêr’t er him fielt as yn it keningspaleis fan de Phaiaken en hy oer syn aventoeren ferhellet, dy’t yn it skift “Gjin foto’s” werjûn binne en ten’lêsten nei de skiften “… en tichterby” en “De brêgen fan it Feanhoperlân” mei it weromkennen fan de lytse dingen fan it lân fan komôf, syn Ithaka.

Yn syn poëzy brûkt Oosting bylden út de werklikheid om him hinne, om syn ferwûndering oer dy werklikheid mar ek oer wat fierder as dyselde werklikheid leit, oan te jaan. De bondel ropt de lêzer op om de Homeryske reis fan Calypso nei Ithaka mei de dichter oan te gean, mar úteinlik foaral om de reis fol ferwûndering yn en foarby de werklikheid te meitsjen.

No te keap yn de boekhannel of fia ús websjop. Priis € 17,50.

De grize oer de grouwe
Goeie ferhalen meie altyd wer op ‘e nij ferteld wurde. Yn dizze bondel jout Sjoerd Bottema syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos. Oer harren tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik.

Sjoerd Bottema debutearre yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Dêrnei ferskynden ferskillende ferhalebondels en in roman. Yn 2020 waard it ferhaal Total Loss bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

“In skriuwer fan formaat.” (Jelle Krol)

“In fakman.” (Henk van der Veer)

De grize oer de grouwe is no te keap yn de boekhannel of fansels snel te bestellen fia ús websjop. Priis € 16,50.