Nij fan de Afûk: feestlike jierdeikalinder foar pjutten
Op de kalinder binne by alle gedichtsjes en (opsis-)ferskes prachtige yllustraasjes te sjen. Se binne makke troch Linda de Haan, Mirjam van Houten, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Karin Carolina Poiesz en Froukje Reitsma. Fia in QR-koade binne de ferskes te belústerjen en der wurde by alle moannen bypassende lês-, sjong-, doch- of praattips jûn. In fleurige kalinder, om it hiele jier troch fan te genietsjen; op ’e pjutte-opfang, op skoalle of thús! De jierdeikalinder is fan hjoed ôf oan te keap by de Afûk yn de winkel en fia de websjop.
Fan ’e moarn waard it earste eksimplaar fan de kalinder kado jûn oan Geartsje Douma, dy’t ek nochris op dizze dei har jierdei hat. Spesjaal dêrfoar wie der in feest-foarlêsmoarn organisearre foar pjutten yn de Afûk winkel yn Ljouwert. Der waard foarlêzen, muzyk makke en fansels taart iten.
Boekegevens Jierdeikalinder mei ferskes en gedichtsjes
Auteur: Geartsje Douma
Yllustraasjes: Linda de Haan, Mirjam van Houten, Luuk Klazenga, Marijke Klompmaker, Karin Carolina
Poiesz en Froukje Reitsma
ISBN: 978-94-93318-49-6
Ferkeappriis: € 9,95
websjop.afuk.frl