Nij fan Utjouwerij Afûk: Het Friese ‘Nederduits’

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
19 febrewaris 2025
De twa frisisten Reitze Jonkman (Fryske Akademy) en Arjen Versloot (UvA en RUG) rjochtsje har yn Het Friese ‘Nederduits’ no ris net yn it foarste plak op it Frysk, mar op dy oare taal yn Fryslân dy’t hjir ek in lange skiednis hat. Dy lange skiednis komt ek nei foaren yn it brûken fan de namme ‘Nederduits’, dy’t stiet foar de ferskillende beneamingen dy’t de taal troch de iuwen hinne hân hat: Frankisch, Dietsch, Duutsch, Duitsch, Nederduitsch, Hollands en, tsjintwurdich, Nederlands.

Mei harren histoaryske benadering fan de taalsosjologyske en taalkundige ûntwikkelingen sûnt de fiifde iuw fan ús jiertelling bringe de auteurs nije ynsichten nei foaren oer de ferhâlding tusken it Nederlânsk en it Frysk. Sa geane se wiidweidich yn op de wize wêrop’t de histoaryske ferhâlding tusken dy beiden sjoen waard, wêrby’t tagelyk dúdlik wurdt dat begripen lykas ‘taal’ en ‘dialekt’ yn eardere tiden oars belibbe waarden as tsjintwurdich, bygelyks yn it begjin fan de njoggentjinde iuw: ‘Allen [Nederlanders met inbegrip van de Friezen] spraken dezelfde taal, maar in onderscheiden dialekt.’ (Annaeus Ypeij, Beknopte geschiedenis der Nederlandsche tale in 1812). Ek wurdt wiidweidich omtinken jûn oan de Nederlânske fariëteiten, lykas Steds(frysk), dy’t yn in oar deiljocht setten wurde.

Mear ynformaasje is ek te finen yn de column: Op z’n Fries ‘Nederduits’.

De boekpresintaasje, troch beide auteurs, sil wêze op tiisdei 25 febrewaris om 16.15 oere by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Boekgegevens Het Friese ‘Nederduits’
Auteurs: Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot
Oantal siden: 408
Taal: Nederlânsk
Utjouwerij: Afûk
Utfiering: softcover
ISBN: 9789493318519
Ferkeappriis: € 39,90
websjop.afuk.frl