Nij fan Utjouwerij Afûk: ‘Leafde yn oarlochstiid’ fan Willem Verf

Boeken fan Fryslan Frije tiid
19 maart 2025
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?

Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy’t him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke.
Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy’t gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.

Oer de auteur
Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurer- priis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hie er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013), It sinfol bestean (2017) en De wûndere leafde fan Emine en Einte (2021).

Presintaasje:
De boekpresintaasje fynt plak op snein 23 maart om 11.30 oere yn it pop-up kafee ‘De Gouden Leeuw’ by Tresoar yn Ljouwert. Utjouwer Ernst Bruinsma jout de ôftraap. Frederike Kleefstra en Corinne Staal soargje foar prachtige muzikale bydragen en Sietse de Vries sil in fraachpetear mei de skriuwer hâlde oer de betsjutting fan it boek.

Boekgegevens Leafde yn oarlochstiid
Auteur: Willem Verf
Utfiering: paperback
ISBN: 978-94-93318-571
Tal siden: 144
Ferkeappriis: € 17,50
websjop.afuk.frl