Nij ferskynd! a is fan aapke / a is een aapje

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid Leare & ûnderwiis
4 oktober 2021
By útjouwerij Afûk is ferskynd a is fan aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart. A is fan aapke is in biste-alfabet mei teksten op rym geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It is in saneamd omkearboekje mei oan de iene kant de Fryske teksten en fan de oare kant ôf de Nederlânske. It boek is skreaun troch Eppie Dam en yllustrearre troch syn dochter Ankemarije.

a is in letter
al krekt sa’n wûnder as de z
it sjongt en gûnzet, sist en snettert
fan bisten yn it alfabet

a is een letter
ver weg van de z
dichtbij zijn de dieren
van het alfabet

Oer de skriuwer
Eppie Dam (De Pomp, 1953) is dichter, skriuwer, berneboekeskriuwer, skepper fan liturgys wurk, fertaler en poëzyresinsint. Hy debutearre yn 1978 mei de dichtbondel Mei de jierren en de ferhalebondel Strie oerdwers. Yn 2017 krige er de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Fallend ljocht. Syn earste Fryske berneboek Spinaazje op spikers en oare ferhalen kaam út yn 1986. Foar Dingeman krijt wjukken krige er yn 2001 de Simke Kloostermanpriis. Dêrnei ferskynden der noch ferskate berneboeken, lykas Fjouwer dappere mûskes yn 2012 en yn 2017 Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters. Dit boek waard foardroegen foar de IBBY Honour List 2020.

Oer de yllustratrise|
Ankemarije Dam (dochter fan Eppie Dam) is al 8 jier aktyf yn de grafyske sektor en hat û.o. de omslagen makke foar de dichtbondel In aap foar de bokkewein (2017 en it lietboek Hertslach (2019).

Boekgegevens
a is in aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart
Auteur: Eppie Dam
Yllustraasjes: Ankemarije Dam
Utfiering: hurd kaft
ISBN: 978 94 93159 69 3
Ferkeappriis: € 14,95
www.websjop.afuk.frl