Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
19 juny 2025
De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf.

Lês de ferhalen oer it famke Poike, dy’t bûten boartsje it moaiste fynt dat der is. Poike hat altyd de bûsen fol. Mei wûnderbaarlike of gewoan moaie, grutte en lytse skatten. By elk fan dy skatten heart in ferhaal en dy ferhalen fertelt Poike oan har bêste freon op fjouwer poaten: har hûn Bijke.

‘In prachtich boek oer bernefantasy en fynsten!’

Fan in snoeppapierke oant de aldermoaiste stien, fan in knikkert oant in wolk yn in pûdsje, fan in kleurige plestik dop oant in wjirm – allegear kinne it bûseskatten wêze! Jas- en broeksbûsen binne de bêste skatkeamers fan de hiele wrâld. Wat is der dan ek moaier as bûten omstrune om skatten te ûntdekken en te sammeljen? Gean dizze simmer op ’en paad mei dit moaie boek: net allinne in (foar)lês- en sjochboek, mar boppedat in dochboek!

Boekgegevens
De bûseskatten fan Poike
Auteur: Reina&Greetje
Yllustraasjes: Barbara de Ruiter
Utfiering: ynbûn en mei ilestyk
ISBN: 978 949 331 861 8
Ferkeappriis: € 15,95
Tal siden: 80
Leeftiid: 4+
websjop.afuk.frl