Nij ferskynd by de Afûk: ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’
“Op in dei krijt Sibbedeus de Bear in gânzeboerd tastjoerd, ôfkomstich fan in Wisse, dy’t him in goeie hân fan goaien winsket. Even letter stiet Sulver foar de doar, in sniewite gâns dy’t Sibbedeus freget om him te folgjen. It is de start fan in wûnderlik aventoer fan tafal en gelok, fan fallen en opstean. Mar wa is Wisse?”
‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’ is in lichtfuottich, mar ek filosofysk ferhaal oer it libben – in spul datst net winne kinst, mar ek net ferlieze. Do kinst it allinnich mar spylje.
De parse oer de Nederlânske útjefte: Bas Maliepaard yn Trouw: “Meinderts doet wat hij goed kan: met talige humor, sprankelfantasie, een filosofische, soms licht melancholische ondertoon en een beeldende, maar toch ingetogen stijl schrijven over het leven.”
Mirjam Noorduijn yn NRC: “Er ligt onmiskenbaar een laagje Meinderts-weemoed over het verhaal, extra aangezet door Annette Fieniegs dromerige, innemende illustraties. Daaronder is echter voldoende lucht en licht.”
Edward van de Vendel: “Het schrijven van Meinderts heeft altijd al een schitterende helderheid gehad, maar dit boek is daar wel een van de beste voorbeelden van. Je hebt – hoe minder fijn Zebedeus’ belevenissen soms ook zijn – toch voortdurend het gevoel dat je over het geluk zit te lezen.”
Oersetter Eppie Dam foeget dêroan ta: “Sibbedeus is in boek dat ik graach sels skreaun hie. Gelokkich mocht ik it oersette. Ik bin tige wiis mei dizze bear. En úteinlik ek mei Wisse.”
Boekgegevens
Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse
Auteur: Koos Meinderts
Oersetting: Eppie Dam
Yllustraasjes: Annette Fienieg
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 9493318588
Ferkeappriis: € 14,95
Leeftiid: 9+
websjop.afuk.frl