Nij ferskynd: Sipke op de boerderij / Sipke op ’e buorkerij

Boeken fan Fryslan Frije tiid
26 septimber 2024
Op tiisdei 1 oktober 2024 presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn it Fries Landbouw Museum in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke op de boerderij / Sipke op ’e buorkerij. It is it sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake, skreaun troch Lida Dijkstra, mei yllustraasjes fan Hanne Snel.

Yn dit boekje helpe Sipke en syn pake boer Hûn op de buorkerij. Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.

Boekpresintaasje yn it Fries Landbouw Museum
De boekpresintaasje fynt plak op tiisdei 1 oktober om 12.30 oere yn it Fries Landbouw Museum, Felling 6 yn Ljouwert. Skriuwster Lida Dykstra sil, yn oanwêzichheid fan groep 3 fan de KBS Sint Radboud út Jirnsum, it earste eksimplaar oanbiede oan boer Jaring Brunia en syn frou Lotte, dy’t Lida holpen ha by de research foar dit boek.

Boekgegevens Sipke op de boerderij / Sipke op ’e buorkerij
Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Hanne Snel
Utfiering: ynbûn, 30 pagina’s
ISBN: 978 90 47634737
Ferkeappriis: € 9,99
www.websjop.afuk.frl

www.rubinstein.nl

Lês hjir it ynterview mei Lida Dijkstra en Hanne Snel oer it nijste Sipke-boekje.

Alle Sipke-boekjes yn in moai oersjoch!