Nij gedicht Dichter fan Fryslân
De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “Bytsje doel om oer gedichten te prakkesearjen, as der safolle oan de hân is yn de wrâld. Mar it sykjen om wurden, sa tocht ek Nobelpriiswinner Jaroslav Seifert, is noch altyd better as deadzje en moardzje.”
De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan it projekt Dichter fan Fryslân.
Smoarch ljocht
dit gedicht
(sis ik der fuortendaliks by)
wol net by amearika hearre
dit gedicht is
útsoarte autonoom
en lit him / har net platsmite
en betegelje
foar in fakânsjepark
(al soene de winsten maksimaal wêze!)
dit gedicht skûlet
yn sikehûzen, yn skoallen en
tsjerken en
gjin drone of skerpskutter
kin it reitsje (sèls dêr net!)
al stie it achter in sjoernalist
al stie it achter in helpferliener
al stie it achter in bern
dit gedicht tinkt:
smyt mei letters, net mei stiennen
sjit mei ideeën, net mei kûgels
dit gedicht is foar elkenien
ek foar dyjingen
dy’t it net in sint wurdich achtsje
ek foar dyjingen dy’t sizze
“de renêssânse is folslein trochsketten!”
dit gedicht soe wolle
dat elkenien har / him de bek hâldt
it is in troch-de-wykske moarn op ierde
gean mar ris de doar út
de skutting oer
te kuierjen
bûten de perken (alle perken!)
de stêd út
it spoar oer
it wâld troch
nei it lân fan rôze snie
meitsje dit gedicht wer grutsk!
miskien lit de sinne har kopke sjen (at se doart)
dat smoarge ljocht
dit gedicht hat altyd by ús west
like âld en bryk as oarloch

Dichter fan Fryslân Arjan Hut. Foto: Reyer Boxem
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.