Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Frije tiid
3 maaie 2019
Heal april ferstoar Hessel Miedema, skriuwer, dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan Keramiekmuseum Princessehof. Miedema is de fader fan de moderne neioarlochske poëzy yn Fryslân. Syn wurk wie baanbrekkend en grinsferlizzend. Gedichten as ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ binne hichtepunten yn de Fryske literatuer.  Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it I.M.-gedicht ‘It fertrek’.

Yn 1964 sette er radikaal in punt achter syn skriuwen yn it Frysk. Hy ferhuze nei Amsterdam, dêr’t er as wittenskiplik meiwurker oan de Universiteit van Amsterdam promovearre op it wurk fan de 16de-iuske skriuwer en skilder Carel van Mander. Oan Fryslân hie er gjin boadskip mear.

De Fryske literatuer wie neffens him in regionale en provinsjalistyske oangelegenheid. Oer it Frysk as taal sei er dat ‘het Fries meer een dialect is dan een taal.’ It waard him net yn tank ôfnommen. De dialektisearring fan it Frysk is wilens in mear as aktueel tema.

Miedema einige syn lêste, yn it Nederlânsk stelde skriuwen mei it fersyk: ‘Noem mij niet meer.’ Lykwols, it soe in goede saak wêze en earje de dichter, dy’t by libben winliken de Gysbert Japicxpriis krije moatten hie, mei in bondel opstellen en essays oer syn lyts, mar belangryk en ynfloedryk oeuvre.

 

 

It fertrek*

I.M. Hessel Miedema (1929-2019)

 

Betiidwei al begrepen it fertrek de haven út,
it Frysk langeroan gjin taal mar in dialekt,

dizze jûn, maitiid, mar leech no it ljocht oer lege steden.
Sjoch de sinne yn see en de houde holle

fan de Doper dekresjendo do. Under seemokken,
skimkjend boppe de reling, docht in drok hinne-

en werjende mynhear yn in lang telefoanpetear
in leafde en in lân oerboard. – Neam my net mear!

Och, noait net fier it deaderyk. Dig it, fuck it, fier it

Kom net werom op âlde plakken! Tiid, in diggeljen,
in stadich ynelkoar stoartende katedraal.

By nacht de spoken. En letter alle ferdronkenen,
ek de Phoeniciër lykas dit alfabet.

Betiidwei al begrepen it fertrek de haven út,
it Frysk langeroan gjin taal mar in dialekt.

 

* Hessel Miedema, ‘Brief’, Quatrebras, “en dat het Fries (…) meer een dialect dan een taal is …”