Foto: Jacob van Essen

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid
24 oktober 2019
Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij fers makke ta gelegenheid fan de iepening fan Campus Fryslân yn Ljouwert. De Nederlânske oersetting is fan Elske Schotanus.

DE CAMPUS

Wat ferlern gong, komt soms yn oare
foarmen en oare gesichten werom,
sa’tst hjirre bytiden de skynsels hearst fan

boeren, skippers en oar hantsjebakkend
hannelsfolk, in slaan klèts lykas bûten
de kletterjende fontein Mercurius.

Somtiden ek, op simmerdagen as hjoed,
kinst op it dak, dêr’t in hurdstiennen klok
de himel hammeret, Frjentsjer lizzen sjen.

In slach djipper ûnder tiid syn tillende
kimen sjochst it skele each fan de stege
godsfanger hear Maccovius, drinkend

yn de Bogt fan Guné, mei syn sweager
Rembrandt en, pimpeljendewei, in swik
Hongaarske studinten deromhinne.

Somtiden komt yn oare foarmen en
oare gesichten werom wat ferlern gong:
dit lân dat op ‘e nij in universiteit wûn,

no, farrende ûnder Grinzer flagge,
de namme yn it Ingelsk tsjin de gevel.
Dêr’t de klok langeroan oare talen en

oare tiden wiist, gûlt fierderop in hûn
yn de gong fan de Fryske Akademy.
Fan stimmen swier hjoed it swurk boppe

it Wilhelminaplein. Yn grand kafee Z
seit it fjouwer talen pratende famke
út Budapest: Jawis, studinte bin ik,

mar suster ek fan âlde faganten, ay,
wûnderlik binne hjir de spoaren fan
de Campus, und fabelhaft die Fabelstadt.

Foar twa jier is Eeltsje Hettinga (1955) beneamd ta earste Dichter fan Fryslân. Hy is yn 2018 begûn. Dêrom sil op tongersdei 21 novimber o.s. Hettinga’s opfolger bekend makke wurde en feestlik ynstallearre.

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien gedichten yn it jier. Hy treedt op as poëtysk ambassadeur en draacht op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân. De Dichter fan Fryslân wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij.