Arjan Hut, foto Reyer Boxem

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
30 septimber 2025
‘Alles goed' is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “Under de yntroduksjewiken yn Ljouwert wie der ekstra omtinken foar mentale sûnheid ûnder studinten. In soad minsken fine it net maklik om oer mentale klachten en problemen te praten.”

Alles goed

op ‘e gewoanste plakken, yn in glimk,
op foto’s, online, komst ien tsjin,
dy oare, dy’t krekt op dy liket
en dyn libben libbet
sa’t it wêze moatte soe

dy frjemdling, ljocht en waarm en hertlik
dy bloeiende stjer fan dysels, bûten dysels

dy’tsto samar heardest, achter yn de simmer
yn it blauwe ljocht
doe’t de buorman rôp alles goed? silst wer studearje?
en dy dûbelgonger knikte, ja, noch even,
ja, alles goed.

De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside fan it projekt Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.